Boufakkers binnen oan it wurk
Minsken yn de bou meie mei dizze kjeld net bûten wurkje. De measte boubedriuwen dogge der fan alles oan om it personiel dochs oan it wurk te hâlden. Yn Boalsert wurket personiel fan Dykstra Draaisma oan huzen dy't fan bûten al klear binne, mar dêr't binnen noch in soad gebeure moat.
De froastferletregeling bestiet net mear en it fersekerjen tsjin de froast kin foar de measte bedriuwen net út.
Bekijk de reportage van Omrop Fryslân>>